Fruitbeammen moatte ynsekten nei Terherne lokje

09 des 2017 - 13:36

It doarp in stikje griener meitsje, de biodiversiviteit fergrutsje en hooplik it tal ynsekten wer wat opkrikke. Dat is de ynstek fan de wurkgroep fruitbomen en bijegreiden yn Terherne. Op inisjatyf fan ymker Ton van Gastel en hofker Ton van Gastel binne sneon sechstich fruitbeammen plante op ferskate plakken yn it doarp.

De earste beam waard plante troch wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren. Dêrnei makke in groep frijwilligers it karwei ôf. De wurkgroep hat ek noch ideeën om fan de maitiid in bijegreide oan te lizzen, mar dy plannen binne noch net rûn.

(advertinsje)
(advertinsje)