Plysje Noard-Nederlân hat nije oanpak kriminele netwurken

09 des 2017 - 12:33

De plysje fan Noard-Nederlân hat 'goud yn hannen' mei in nije metoade om kriminele netwurken yn kaart te bringen. Dat seit plysjesjef Max Daniel. Troch gegevens fan mear as 1000 kriminelen oan mekoar te keppeljen, krijt de plysje sicht op de wize wêrop't se gearwurkje. Dêrtroch koe de plysje de ôfrûne twa wiken drugslaboratoaria oprôlje yn ûnder oare Haulerwyk en Hjerbeam. De plysje fan Noard-Nederlân wol dizze metoade no ynternasjonaal ûntwikkelje.

(advertinsje)