Ljouwert no ek fan westkant goed berikber

09 des 2017 - 12:19

De nije, oanpaste westlike ynfalswei is in wichtige mylpeal yn de bettere berikberens fan Ljouwert. Dat sei wethâlder Friso Douwstra freedtemiddei by de iepening fan de oansluting fan dy dyk op it Stephensonfiadukt. De ferbrede Marshallwei is no direkt oansletten op de stedsring mei in heal klaverblêd by it Stephensonsfiadukt. Dizze oanpassing betsjut benammen in bettere ûntsluting fan de binnenstêd, it stasjonsgebiet en bedriuwepark De Zwette.

Wethâlder Douwstra hat begryp foar de yrritaasje dy't al it wurk oan de dyk feroarsake hat by de ferkearsdielnimmers. Neffens him is der ljocht oan 'e ein fan de tunnel, om't de kommende wiken ek it wurk oan it Europaplein, it Blokhúspoarteplein en it stasjonsgebiet ôfsletten wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)