Frachtskip ferliest konteners yn Noardsee boppe It Amelân

In frachtskip hat freedtenacht op de Noardsee boppe It Amelân 24 konteners ferlern. Neffens in wurdfierder fan de kustwacht driuwe der no 24 konteners nei de Waadeilannen ta. Dêrby kruse se in drokke farrûte op de Noardsee. De kustwacht warskôget de seeskippen kontinu foar it gefaar fan de konteners.
De konteners binne ferlern troch in skip dat fart ûnder de flagge fan Antigua en Barbuda, in eilannesteat út de Karaïbyske See. Dat meldt scannernet. It skip, mei in lingte fan 139 meter, wie ûnderweis fan de Bremerhaven nei Rotterdam.
Meiwurkers fan de kustwacht ha ûnder oare mei in fleantúch socht nei de konteners. Fan in part is dúdlik wêr't se binne, mar net fan alle konteners. Wat der yn sit, is ek net krekt dúdlik. Neffens de kustwacht sitte der gjin gemyske stoffen yn.
Troch de rjochting fan de wyn en de weagen liket it derop dat de konteners op Skiermûntseach of op it Dútske Waadeilân Borkum oanspiele sille. Dat meldt de Kustwacht. De plysje ropt minsken dy't de konteners sjogge op om 112 te beljen.