Twa autoriders ferwûne by botsing op rûnwei Snits

09 des 2017 - 11:16

By in ferkearsûngelok op de rûnwei fan Snits binne sneontemoarn twa minsken ferwûne rekke. In auto fleach út de bocht en botste tsjin in oare auto oan. It ûngelok soe feroarsake wêze troch de glêdens, dy't ûntstie troch in hagelbui. De brânwacht hat der by west, mar dy help wie net nedich. De beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Yn de rest fan it lân binne yn de nacht freed op sneon tsientallen ûngelokken west troch de glêdens fanwege de winterske waarsomstannichheden.

Trefwurden: 
botsing Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)