Famylje fermiste Remon siket famke dat him it paad wiisde

09 des 2017 - 10:15
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De famylje fan de fermiste Remon Bruinsma út De Westereen is op syk nei in famke dat hy yn de nacht fan syn ferdwining tsjinkaam is yn Ljouwert. De mem fan Remon, Ansje Dijkstra, docht dy oprop op Facebook. Op kamerabylden hat de famylje sjoen dat Remon meirint mei in groepke fan fjouwer of fiif persoanen fan de C&A op de Nijstêd oant de Doelesteech. Op de hoeke oankaam, wiist in blond famke út dit groepke nei de oare kant fan de Nijstêd. Remon rint dêrnei fluch dy kant op.

"Wie kan ons hier meer over vertellen... waarheen wees zij? Wie herkent zich in dit verhaal...", sa skriuwt de mem yn it berjocht dat yntusken hast 6000 kear dield is. Minsken dy't mear witte, kinne kontakt opnimme mei de plysje of belje nei 06-50251152.

Sûnt tongersdei 30 novimber is der neat mear fernaam fan de 19-jierrige Remon Bruinsma. Hy is it lêst sjoen doe't er op stap wie yn de binnenstêd fan Ljouwert. Sykaksjes fan de plysje en frijwilligers ha oant no ta neat opsmiten.

Trefwurden: 
fermissing Remon Bruinsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)