Kaartferkeap foar Slachtemaraton 1 dei 'giet stadich troch'

De kaartferkeap foar de Slachtemaraton fan takom jier oer ien dei is sneontemoarn betiid úteinset. Om seis oere siet de organisaasje klear foar de freonen fan de Slachte dy't in kaart bestelle wolle. Neffens wurdfierder Immie Jonkman fan de organisaasje rint de kaartferkeap 'stadich troch'. Eins wie it de bedoeling om foar de edysje fan 2018 allinne kaarten te ferkeapjen foar in dûbele maraton, ferdield oer twa dagen. Omdat it tal oanmeldingen net oan de ferwachtingen foldie, is dat oanpast.
De Slachte oer twa dagen bliuwt. Minsken dy't omboeke wolle nei de fariant fan ien dei kinne dat dwaan, mar der is hast net ien dy't gebrûk makke hat fan dy mooglikheid, seit Jonkman. "Je sjogge dochs dat minsken ynsette op dy twa dagen. En dy minsken nûgje no oaren út om ien dei mei har mei te rinnen. Hoe moai is dat?"
De Slachtemaraton is op freed 31 augustus en sneon 1 septimber 2018. De earste dei giet de rûte nei Wommels. De twadde dei is de start by Kûbaard.