Rederij Doeksen skrast sneltsjinsten fanwege min waar

De sneltsjinst fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Troch it ferwachte minne waar ferfalle der sneontejûn ferskate ôffearten fan de sneltsjinst tusken Harns en Flylân en tusken Skylge en Flylân. It giet om de ôffeart fan 17.20 oere fan Harns nei Flylân, dy fan 18.20 oere fan Skylge nei Flylân en de ôffeart fan 18.55 oere fan Flylân nei Harns.
Der wurdt in ekstra feartsjinst ynset om 17.00 oere fan Flylân nei Harns, en der giet ien om 19.00 oere fan Harns nei Flylân. De ôffearten tusken Harns en Skylge feroarje net, sa meldt Rederij Doeksen.