Kollum: "Iensum"

"Hy siet op in bankje. Rûch read burd om it kin, dêrtroch min te skatten hoe âld er wie, mar ik rûsde him sa yn it foarbyrinnen op in jier as 45. Wyld bosk hier. De klean wat suterich. Njonken him stie in elektryske fyts, ik nim oan dat dy fan him wie. Hy wie folslein net ynteressearre yn it feit dat ik by dat bankje delrûn. Fan de oare kant kaam in frou, dy't de hûn útliet. Ek har oanwêzigens hie er gjin oandacht foar. Hy waard kompleet yn beslach naam troch it skerm fan syn mobile telefoan. Neffens my wie er wanhopich, sa seach er nei it apparaat. Neist him op it bankje stie in fleske bier. Op himsels net in útsûnderlik tafriel, soenen je sizze. Mar it wie njoggen oere moarns op in kâlde moarn yn dizze noch prille desimbermoanne oan de râne fan in kompleks mei folkstunen earne yn Fryslân. Om dan al mei in desperate blik yn de eagen oan it bier te sitten, liket my wat nuver. Ik frege my ôf wat op it skerm fan dy mobile telefoan stie dat him sa yn de besnijing hie. Alles dat je dêroer betinke docht der net ta, want je witte it net, dus hielendal yn de trend fan 2017 rûn ik troch en liet him sitte. De frou mei de hûn die krekt itselde.
In eintsje fierder kaam ik by in grut begraafplak del. No witte in soad fan jimme wol dat ik wurkje op begraafplakken. Ik fyn it altyd moai om in slach oer in oar hôf te dwaan, of dat no op fakânsje is of gewoan op in moarn as ik in ein om gean. Yn dit gefal woe ik even sjen hokker stien der op in grêf fan in heit fan in bekende fan my kaam wie. Ik wist noch rûchwei wêr't er begroeven leit, dus kuiere ik dy kant út. De stien wie kreas, ik rûn fierder. Ik miende dat ik allinnich op it hôf wie, mar dat bliek net sa te wêzen. Der draafde in famke yn de rjochting fan de útgong en ferdwûn troch de grutte en swiere izeren hikke. Soms wurde je troffen troch in tekst op in stien, of dat wat op in kaartsje stiet. Ik kuiere troch en seach by in stien in kaartsje lizzen. Net wietreind sa as alle oare guod, dus it moast wol hast fan dat famke wêze. Der stie op: 'Mama, word alsjeblieft weer wakker, ik ben zo eenzaam.'
Tsja. Sa wreed is it libben soms. En ik rûn troch de izeren hikke fan it hôf ôf en tocht oan dy man mei dy elektryske fyts. Miskien hie dy ek wol ferlet fan in praatsje. Ik besleat om werom te rinnen, sa fier wie dat no ek wer net. Mar doe't ik der hast oan ta wie, seach ik in leech bankje. De fyts wie ek ferdwûn. It iennichste dat der noch stie wie it bierfleske. It wie leech, dat ik ha it mar yn de ôffalbak smiten.
It fielde as in miste kâns."