Leenstra pakt sulver mei frouljusefterfolgingsploech

© ANP
De Nederlânske frouljusefterfolgingsploech hat by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City sulver pakt. Troch it twadde plakje is de frouljusploech no wis fan de Olympyske Spelen yn it Súd-Koreaanske Pyeongchang.
It gelegenheidstrio, mei dêryn Marrit Leenstra as iennige Friezinne en fierder Melissa Wijfje en Lotte van Beek, ried mei 2.55.57 in nasjonaal rekôr. Japan wûn en ferbettere harren wrâldrekôr fan ferline wike mei mear as trije sekonden: 2.50.88. Dútslân waard tredde. Foar Marrit Leenstra is it net har earste Nederlânske rekôr fan dit seizoen, want in wike lyn ferbettere se al it nasjonale rekôr op de 1.500 meter.
De manljusploech einige yn de efteryn. Ek dêr wie it in gelegenheidstrio, om't de foarsjoene riders der net by wienen yn Salt Lake City. Bob de Vries fan De Haule ried mei Marcel Bosker en Simon Schouten in tiid fan 3.42.46. Dêrmei waarden se úteinlik tsiende. Kanada wûn yn 3.36.44. De Nederlânske manljusploech wie al wis fan de Olympyske Spelen.