Auto folslein útbrând yn Ljouwert

08 des 2017 - 23:04
Foto: Robert Jan Boonstra

By de Familie van der Weijstraat yn Ljouwert is freedtejûn in auto folslein útbrând. It fjoer ûntstie nei alle gedachten ûnder de motorkape, dêr sloegen de flammen út. De brânwacht wie rillegau te plak en hie it fjoer doe fluch ûnder kontrôle.

Wat de krekte oarsaak west hat fan de brân, is net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert auto brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)