UNIS Flyers ferliest op besite by Den Haag

08 des 2017 - 22:51
Marco Postma fan UNIS Flyers - Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freed de kompetysjewedstriid op besite by HYS ferlern. Yn Den Haag waard it 3-1 foar de thúsploech.

Nei in earste perioade sûnder treffers, kaam Den Haag yn it begjin fan de twadde perioade op foarsprong troch in goal fan Alan van Bentem. Flak foar de ein fan dy twadde perioade kamen de Flyers op gelikense hichte. Yan Turcotte skeat hurd raak.

Yn de lêste perioade gie it dochs mis foar de ploech fan It Hearrenfean. Marco Bommezijn makke earst de 2-1. Nei't de Flyers hast op 2-2 kaam wienen, wie der wat opskuor moasten de Flyers troch mei in mantsje minder. De Flyers spilen oan 'e ein sûnder goalie en dêr profitearre Jurryt Smid fan: 3-1.

Takom snein spylje de Flyers in thúswedstryd tsjin de Devils út Nijmegen.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)