Avanti wint yn spektakulêre derby fan Drachtster Boys

08 des 2017 - 22:30

De Fryske sealfuotbalderby is in proai wurden foar de froulju fan Avanti. De ploech út Stiens fersloech thús Drachtster Boys mei 4-3 nei in spektakulêre wedstryd.

Marian Meijer sette de Drachtsters yn de earste helte op 0-1, Si Shut Hau makke gelyk.

It spektakel kaam nei it skoft. Drachtster Boys makke de 1-2 fia in eigen goal fan Christa Poelman, mar nei in soad kânsen oan beide kanten kaam Avanti dochs wer op gelikense hichte. Kim Poepjes miste in strafskop, Astrid Kars skoarde lykwols út de rebound.

Yn de lêste pear minuten kaam Drachtster Boys foar de tredde kear op foarsprong. Brenda Bekkema makke de 2-3. Si Shut Hau makke dêrnei direkt wer gelyk en Kim Poepjes sette Avanti in minút letter sels op foarsprong. De ploech fan trainer Jos Alkema - dy't earder aktyf wie by Drachtster Boys - joech de foarsprong net mear út hannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)