Flink thúsferlies foar froulju Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn thús flink ferlern fan PSV. Op it keunstgers fan sportpark Skoatterwâld waard it 1-4 foar de ploech út Eindhoven.
By it skoft stie it al 0-3. Hearrenfean kaam yn de earste helte net fierder as in kopbal fan Chantal Schouwstra op 'e latte. Direkt nei it skoft waard it sels 0-4. Fenna Kalma skoarde dêrnei foar Hearrenfean, mar fierder as 1-4 kamen de Friezinnen net.
Troch it ferlies sakket Hearrenfean in plakje yn de Earedifyzje, want de froulju fan PSV hienen mar twa punten minder. Hearrenfean stiet no fjirde.