FIDEO: Wat leit der ûnder De Markt yn Dokkum?

Op De Markt yn Dokkum wurdt groeven foar de ûnwikkeling fan in Abdijhof mei iisfontein. In moai momint foar de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed om ek te graven nei de âlde terp dy't ûnder de markt leit. Lange pipen moatte meters djip de boaiem yn op syk nei ynformaasje. It soe samar wêze kinne dat de opsûge ierde yn dizze buizen nije ynsichten op de skiednis fan de stêd jout.