Ekstra jild fan ministearje foar oanpak Fryske brêgen

08 des 2017 - 20:45
De brêge by Aldskou - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De minister fan Ynfrastruktuer en Miljeu lûkt hûnderten miljoenen euro ekstra út om takomstige knyppunten yn it ferkear oan te pakken. It ministearje ynvestearret dêrmei yn diken, spoarwegen en farwegen om de groei fan it ferkear oan te kinnen. Foar Fryslân betsjut dat spesifyk dat der jild komt om de brêgen by Aldskou, Twellingea en Spannenburch oan te pakken. De brêgen wurde ferhege, sadat ek grutte kontenerskippen derûnder troch farre kinne.

Ek krijt Fryslân langer de tiid om it plan foar in bredere slûs by Koarnwertersân út te wurkjen. De tritich miljoen euro dy't it Ryk hjirfoar reservearre hie, bliuwt gewoan stean.

(advertinsje)
(advertinsje)