Rick Hofstra ferliest earste partij op Finder Darts Masters

Darter Rick Hofstra is der freedtejûn net yn slagge syn earste telefyzjewedstriid nei hast trije jier ôfwêzigens te winnen. De Snitser ferlear yn Egmond aan Zee mei 5-2 fan Ingelskman Scott Mitchell, yn 2015 noch winner fan de prestizjeuze Lakeside. De wedstriid waard spile op de Finder Darts Masters. Dat is it iennige offisjele telefyzjetoernoai op it mêd fan darten yn Nederlân. Hofstra koe mar dreech op gong komme, mar bleau troch twa finishes noch yn de wedstriid. Nei in tuskenstân fan 2-2 gie tsjinstanner Mitchell dochs mei in romme oerwinning fan it poadium.
Om't de earste wedstriden fan de Finder Darts Masters yn pûlen spile wurde, komt Hofstra sneontemiddei wer yn aksje yn Egmond aan Zee. Dan spilet er tsjin Ross Montgomery út Skotlân. Ek Danny Noppert fan De Jouwer docht dit wykein mei op it telefyzjetoernoai. Hy begjint sneontemiddei tsjin Cameron Menzies en nimt it jûns op tsjin Conan Whitehead.