Healjier jeugddetinsje easke tsjin Easterwâldster

08 des 2017 - 20:40

It Iepenbier Ministearje hat freed in healjier jeugddetinsje easke tsjin in 21-jierrige ynwenner fan Easterwâlde. Dy soe yn de simmer fan 2015 in 13-jierrige famke ferkrêfte hawwe.

De Easterwâldster ûntkent dat er dat dien hat. Neffens him hienen se tegearre ôfpraat en hat hy it famke doe allinne mei syn hannen oanrekke. De offisier fan justysje gie dêr net yn mei en sei dat der sprake wie fan twang en in grut ferskil yn leeftiid.

Op fersyk fan de reklassearring paste se by de eask wol it jeugdstrafrjocht ta, om't de offisier fan justysje fynt dat de jonge yn tinken en dwaan jonger is as syn echte leeftiid. De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)