Glêdens op 'e dyk soarget foar ûngelokken

08 des 2017 - 20:23

De glêdens op 'e dyk hat freed rûnom yn de provinsje foar ûngelokken soarge. Sa rekke by Bitgummole in auto fan de dyk en yn it wetter. Ek by Marsum gie it mis, dêr botste in frachtwein efterop in auto. Op de Harnzerstrjitwei by Ljouwert klapte in auto yn in skerpe bocht tsjin de fangrail. Oft der by de ûngelokken ek minsken ferwûne rekke binne, is net bekend.

Fanwegen de glêdens hat it KNMI foar freed en sneon noch hieltyd koade giel ôfkundige. Automobilisten moatte rekken hâlde mei glêde diken as gefolch fan hagel- en sniebuien. Om't de temperatuer tichteby it friespunt sit, moatte bestjoerders ek wach wêze op izel.

Trefwurden: 
glêdens ûngelokken
(advertinsje)
(advertinsje)