Plomfeesektor skrokken fan nij gefal fûgelgryp

08 des 2017 - 20:02

De plomfeesektor is skrokken fan wer in gefal fan fûgelgryp, freed yn Biddinghuizen. Dêr is in bedriuw dat fleiseinen fokt troffen troch in tige besmetlike foarm fan de fûgelgryp.

Yn Fryslân is net direkt gefaar, mar om't it nei alle gedachten om in besmetting troch wylde fûgels giet, komt moat ek hjir de boel op slot. Kommersjele bedriuwen moatte ophokke, hobbyhâlders en bernebuorkerijen moatte har plomfee ôfskermje, sadat se net yn kontakt komme mei wetterfûgels.

De ophokplicht hat grutte gefolgen, seit Piet Faber fan lânbou-organisaasje LTO: "It is slim foar de sektor, want it is it safolste gefal." It rekket neffens Faber benammen de eksport fan briedaaien. "Bedriuwen dy't dat dogge, dêr binne ek in pear fan yn Fryslân. Dy sjogge de eksport weromrinnen. Dat is in dikke ekonomyske strop."

De Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit hat alle wetterskippen oproppen om te melden as se ûnder fertochte omstannigheden deade fûgels fine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)