Drankrider dy't bedrige en sloech krijt wurkstraf

08 des 2017 - 18:41
Foto: Omrop Fryslân

In 27-jierrige man út Appelskea is freedtemiddei feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren, wêrfan de helte ûnder betingst. De man krige dy straf om't er yn maaie dit jier mei fierstente folle drank op efter it stjoer siet. Ek bedrige er syn buorlju en joech er syn buorman in klap.

De Appelskeaster hie earder op de dei in festival yn Assen besocht en krige ûnderweis nei hûs in klapbân. De man, dy't trije kear safolle dronken hie as tastien, besleat troch te riden op de felch. De buorlju fan de man skrokken fan it lawaai doe't de man thúskaam. Doe't se der wat fan seinen, waard de Appelskeaster agressyf.

Njonken syn wurkstraf ûndergiet de man op it stuit in behanneltrajekt. Ek krige er in rydûntsizzing ûnder betingst, foar seis moannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)