FIDEO: Yn petear mei Hulshoff en Bruin

08 des 2017 - 18:15

Sipke Hulshoff hat noch hieltyd wolris kontakt mei Marinus Dijkhuizen. Dijkhuizen waard ein novimber ûntslein as haadtrainer by Sportklup Cambuur. "Hy hat it der wol moeilijk mei, neffens Hulshoff, "want it is ek syn klup." Yn Fryslân Hjoed prate we mei ynterim-trainers Hulshoff en Jan Bruin oer it ûntslach fan Dijkhuizen.

En wa moat de nije trainer wurde? Fred Grim? Peter Hyballa? Henk Herder? Of Hulshoff sels miskien? "Ik bin der absolút wol klear foar, mar ik wit net oft dit it momint wol is om yn te stappen."

Besjoch hjir de folsleine útstjoering fan Fryslân Hjoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)