Ynternethanneler wol fergunning foar bedriuwspân yn Ljouwert

It gebou fan 'e Ried fan Steat yn Den Haag © ANP
Ynternethanneler Mach4Rent út Gelderlân easket in detailhannelfergunning fan de gemeente Ljouwert foar in bedriuwspân oan de Tynjedyk. Dat waard freedtemiddei dúdlik by de sitting fan de Ried fan Steat yn Den Haag.
It bedriuw Mach4Rent wol oan de Tynjedyk in ophelpunt begjinne, dêr't minsken it op ynternet kocht guod oppikke kinne. De gemeente Ljouwert wegeret lykwols in fergunning ôf te jaan, om't it gebou neffens har net bedoeld is foar detailhannel. De Ried fan Steat docht ynkoarten útspraak yn dizze saak.