Hurdegariper wol sleat fan gemeente tsjin wetteroerlêst

It Gemeentehûs fan gemeente Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Tytsjerksteradiel moat regelje dat in ynwenner fan Hurdegaryp gjin wetteroerlêst krijt as der nije hûzen njonken syn hiem boud wurde. Dat easke de man freed by de Ried fan Steat.
De man is benaud dat syn nije buorlju har tunen befluorje, sadat reinwetter dan nei syn terrein streamt. Syn hiem leit leger. Hy wol dat der in sleat komt dêr't it wetter hinne giet, mar de gemeente sjocht mear yn in drainaazjebuis. Dat kin net, neffens de Hurdegariper, want der sitte beamwoartels yn it paad. De Ried van Steat docht oer seis wiken útspraak.