Ferboud gemeentehûs Waadhoeke yn Frjentsjer oplevere

It ferboude gemeentehûs yn Frjentsjer fan de nije fúzjegemeente Waadhoeke is freed boukundich oplevere. Boargemaster Eduard van Zuijlen fan de gemeente Frjentsjerteradiel, arsjitekt Hylko Zwart en oannimmers tekenen it Prosesferbaal fan Oplevering. De gemeente Frjentsjeradiel is dêrmei no offisjeel wer eigener fan it gebou.
Underwylst gean de wurksumheden en it ynrjochtsjen fan it gebou stevich troch, want fan 1 jannewaris 2018 ôf moatte de amtners en it kolleezje fan de nije gemeente Waadhoeke oan it wurk yn it gebou.
Waadhoeke is in fúzjegemeente fan Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en in part fan Littenseradiel. Nije wike makket kommissaris fan de Kening Arno Brok bekend wa't de nije boargemaster fan Waadhoeke wurdt. Dat sil yn alle gefallen net ien wêze fan de fjouwer sittende boargemasters. Om ek de meiwurkers it gefoel te jaan dat eltsenien fan de gemeenten in nije start meitsje sil, wurkje de amtners fan Frjentsjerteradiel salang noch yn needgebouwen neist it gemeentehûs.