Hearrenfean mist Ødegaard tsjin VVV

08 des 2017 - 17:04
Martin Ødegaard - Foto: ANP

Hearrenfeanspiler Martin Ødegaard is der sneon yn de thúswedstryd tsjin VVV-Venlo net by. De oanfaller is siik en is in pear dagen nei Noarwegen. Ferline wike tsjin Roda JC koe hy troch in ankelblessuere ek al net meidwaan. Syn ferfanger is Morten Thorsby. Henk Veerman stiet wer yn de spits. Njonken Ødegaard is ek Arber Zeneli noch hieltyd blessearre.

Sportklup Hearrenfean ferlear fan de lêste acht wedstriden seis kear. Streppel: "Maar je moet ook kijken naar de wedstrijden op zich. Veel wedstrijden hadden we moeten of in ieder geval kunnen winnen."

Opstelling: Hahn; Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt; Schaars, Kobayashi, Thorsby; Vlap, Veerman, Mihajlović

(Advertinsje)
(Advertinsje)