Saak sjitterij Thialf takom wike foar rjochter

08 des 2017 - 17:15
Foto: CAMJO media

De rjochtbank behannelet takom woansdei de saak fan de sjitpartij by iisstadion Thialf op It Hearrenfean, ôfrûne jannewaris. By dy sjitterij rekke direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis licht ferwûne. De fertochte naaide út. Hy waard fan 't simmer yn Spanje oanhâlden en yn septimber útlevere oan Nederlân.

De man soe in saaklik konflikt mei Jonker ha. It giet om in mislearre bedriuwsoername, wêrnei't de sakeman fallyt gie. De saak fan tongersdei is in pro-formasitting, de feiten wurde noch net ynhâldlik behannele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)