Fertochte (14) famyljedrama Ketlik takom wike foar rjochter

08 des 2017 - 15:59

De jonge fan 14 út Ketlik dy't derfan fertocht wurdt dat er syn heit en mem om it libben brocht hat, moat takom tongersdei foar de rjochter komme. It giet om in pro-formasitting, de saak wurdt dan noch net ynhâldlik behannele.

Jos Verdonk en Margreet Andriol waarden ein septimber dea fûn yn har hûs oan de Schoterlandsewei yn Ketlik. Dyselde dei noch waard de jongste soan fan it echtpear oanhâlden as fertochte. Om't hy minderjierrich is, wurdt de pro-formasitting achter sletten doarren behannele.

Trefwurden: 
Ketlik fertochte famyljedrama
(advertinsje)
(advertinsje)