Fernijing stasjonsgebiet nei twa jier wurkjen klear

08 des 2017 - 14:57
it syntraal station yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It fernijde stasjonsgebiet yn Ljouwert wurdt moandei oer in wike iepene. Der is twa jier oan wurke. It stasjonsgebou sels hat in metamorfoaze krigen en der is in nije fytsestalling kaam, dêr't op termyn plak is foar trijetûzen fytsen.

It terrein foar it stasjon is hielendal werynrjochte mei nije beplanting en bankjes. Dêr komt nije wike ek de fontein te stean dy't Ljouwert krijt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, fanwege it Eleven Fountainsprojekt.

Trefwurden: 
Ljouwert stasjon Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)