Strjitpriis lotterij falt yn Dronryp

© Facebook Dronryp
De strjitpriis fan de Nasjonale Postkoade Lotterij is freed yn Fryslân fallen. Bewenners fan de Pieter Sipmastrjitte yn Dronryp binne de gelokkigen. Gaston wie yn de strjitte om 87.500 euro út te dielen. Op fjouwer adressen wurdt meispile yn de lotterij. Trije winners ha elk 25.000 euro wûn. Boppedat wie der foar ien fan dizze winners in nije auto. Op it fjirde adres is in sjek fan 12.500 euro útrikt.
De auto fan de Nasjonale Postkoade Lotterij is ek yn Frjentsjer sjoen, mar neffens de organisaasje is dêr gjin priis fallen.