Omrop TIP: Sykje nei rjocht

10 des 2017 - 08:02

Yn de neisleep fan in deadlik ferkearsûngelok is der faak net allinnich it ferlies, mar ek in juridyske neisleep dy't de neibesteanden foar harren kiezzen krije. In soad neibesteanden fersûpe yn in see fan regels, wetten en útspraken dy't faak mear krom as rjocht fiele.

Neisleep fan ferkearsûngelokken

Nei oanlieding fan de dokumintêresearje Teken fan Libben hawwe programmamakker Murk Jaep van der Schaaf en presintator Raynaud Ritsma de wrâld fan de juridyske neisleep fan slimme ferkearsûngelokken mei feroarsakers ûndersocht. 

Eksperts

Raynaud praat foar de Fryslân DOK 'Teken fan libben; sykje nei rjocht' mei trije deskundigen: Siewert Lindenbergh (heechleraar Privaatrjocht oan de Erasmus Universiteit Rotterdam en plakferfangend rjochter oan it gerechtshof Arnhem-Ljouwert), John Stoop (heechleraar Loftferkearsfeiligens oan de TU Delft; hy docht ek ûndersyk nei feiligens by oare transportfoarmen) en Arvin Kolder (letselskea-advokaat en ûndersiker oan de Ryksuniversiteit fan Grins).

Wat stiet der maatskiplik en persoanlik op it spul yn de gong nei de rjochter? Wurde neibesteanden wol genôch erkend en yn beskerming naam tsjin de gefolgen fan harren ferlies?

De Fryslân DOK-dokumintêre 'Teken fan libben; Sykje nei rjocht' is op snein 10 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)