Ofsluting Hendrik Algrawei by Ljouwert útsteld

08 des 2017 - 14:15

It ôfsluten fan de Hendrik Algrawei oan de súdwestkant fan Ljouwert giet foarearst net troch. Boargemaster en wethâlders moatte der earst noch in beslút oernimme. Earder waard tocht dat dat beslút der al lei en dêrom soe de dyk fan freed ôf net mear te brûken wêzen. It giet dan om it stik tusken Goutum en it tunneltsje ûnder it spoar troch. De gemeente Ljouwert tinkt dat de ôfsluting noch wol yn desimber wêze sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)