Sykje nei rjocht yn ferfolchdokumintêre Teken fan Libben

Yn de neisleep fan in deadlik ferkearsûngelok krije neibesteanden faak net allinnich it ferlies, mar ek in juridyske neisleep foar harren kiezzen. In soad neibesteanden fersûpe yn in see fan regels, wetten en útspraken dy't faak mear krom as rjocht fiele. Nei oanlieding fan de dokumintêresearje Teken fan Libben, ûndersochten de makkers de wrâld fan de juridyske neisleep fan slimme ferkearsûngelokken mei feroarsakers. Wy fregen produsint en dokumintêremakker Murk Jaep van der Schaaf hoe't de dokumintêre Teken fan Libben; Sykje nei rjocht ta stân kaam.
Jimme hawwe lang dwaande west mei Teken fan Libben en dy searje is ek de direkte oanlieding foar dizze dokumintêre. Op hokker momint tochten jimme 'wy moatte mear mei it juridyske aspekt'?
Dat momint wie eins al doe't wy yn maaie 2016 mei Omrop Fryslân om tafel sieten, om de searje fan de grûn te krijen. Ien fan de petearen wie op 14 april 2016. De jûn foar dit oerlis kaam de 14-jierrige Jildau Lageweg by in swier ûngelok by Jirnsum om it libben. Har dea makke in soad los, ek fanwege de rol fan de jonge bestjoerder en de ferdieldheid oer him yn Jirnsum. Je witte dan dat der rjochtsaken komme sille en miskien in straf, mar tagelyk besefte ik my ek hoe kompleks at de situaasje mei sa'n feroarsaker is. In feroarsaker dy't it ûngelok ek net wollen hat en yn sekere sin ek slachtoffer is fan syn eigen ûnferantwurdlike gedrach.
Mar om't ik de searje spesifyk ynstekke woe op de rouferwurking fan de neibesteanden en it omgean mei harren ferlies en fertriet, woe ik net te djip yngean op de juridyske prosessen. Ik wit hoe kompleks at dy binne en dan hast as filmmakker oan in ôflevering fan 12 minuten, om ta in nuansearre byld te kommen, ienfâldich sein net genôch. Tagelyk fielden wy by ússels wol lilkens opkommen oer de juridyske omgong mei ûngelokken. Dêrfan binne de earste twa ôfleveringen fan de searje skrinende foarbylden. Uteinlik ûntstie dêr it konkrete idee foar in ferdjipjende dokumintêre, om ynsjoch te krijen yn it juridyske systeem om ferkearsûngelokken hinne.
De kearnfraach fan de dokumintêre is: 'wat is der foar slachtoffers en neibesteanden te finen yn de rjochtseal?'. Ha jimme in befredigjend antwurd krigen op dizze fraach?
Oan de hân fan dizze dokumintêre kinst konkludearje, dat de posysje fan slachtoffers en neibesteanden op alle juridyske fronten min is. Sawol yn it ûndersyk nei de ûngelokken, it strafrjochtlik proses en yn it privaatrjocht lûke neibesteanden oan it koartste ein. Dat is fansels hiel ûnbefredigjend en pynlik. Ik fyn dat je as oerheid en maatskippij moreel ferplichte binne, om slachtoffers en neibesteanden serieus te nimmen, te belûken yn it proses en by te stean. Mar no is it boadskip: 'sukses dermei en net te lang rouwe, want moast ek wer oan it wurk'. Neibesteanden fiele harren net serieus naam. Dat fersterket it gefoel dat in feroarsaker der mei in taakstraf by wei rinne kinne, mar josels libbenslang krigen hawwe.
Oan de oare kant, leau ik wol yn de fyzje fan heechlearaar en rjochter Siewert Lindenbergh dy't bestriidt dat feroarsakers der by wei rinne kinne. Hy nuansearret yn dizze dokumintêre, dat it ûngelok foar de measte feroarsakers ek in grut drama is. Dat fyn ik hiel weardefol, sjoen de emosjonele wize wêrop't der faak oer feroarsakers berjochte wurdt yn de media. Roekeleas en ûnferantwurdlik gedrach sil ik noait bagatellisearje, mar wy moatte ek net ferjitte dat in soad feroarsakers keurige minsken binne dy't yn in ûnoplettend momint grut leed feroarsaakje. Ek foar harren sels.
Ferskate deskundigen fan ûnder oare de TU Delft en de Ryksuniversiteit Grins komme oan it wurd. Komme sy mei 'eye openers' yn dizze diskusje?
Benammen it ferhaal fan John Stoop, ferkearsfeiligensdeskundige oan de TU Delft, is ús opfallen. Hy haldt in krêftich pleit foar in hiele oare mentaliteit by it ûndersykjen fan ûngelokken. It docht nammentlik bliken dat der yn Nederlân, yn tsjinstelling ta bygelyks Sweden en Dútslân, amper spesjalistysk forinsysk ûndersyk dien wurdt nei ûngelokken. Dêrtroch bliuwe in soad feiten, dy't essinsjeel binne foar it begripen fan wat der bard is en dus ek foar de ferwurking, faak op strjitte lizzen. Neffens Stoop komt dit diels troch beheinde middels by de plysje, mar is it benammen in mentaliteitskwestje. "Slachtoffers en nabestaanden staan heel laag op de sociale ladder van slachtoffers. Neem bijvoorbeeld de nasleep van de ramp met MH17. Er stonden duizenden mensen langs de weg, maar naar de kruizen die langs diezelfde weg staan, kijkt niemand om. De beleving is dus heel anders, terwijl er in Nederland jaarlijks bijna drie keer zoveel slachtoffers op de weg vallen, als wereldwijd in het luchtverkeer", sa seit Stoop.
In oar pleit wurdt makke troch letselskea-advokaat Arvin Kolder. Hy hopet op it oannimmen fan in nij wetsfoarstel 'affectieschade', in fêst bedrach fan de oerheid foar slachtoffers of neibesteanden dy't in neiste ferlieze troch tadwaan fan in oar. Nederlân rint ek deryn efter yn fergeliking mei de rest fan Europa. Kolder seit: "Ik kan het voorbeeld noemen van ouders die hun kind in het verkeer verliezen door toedoen van een ander. Het schaderecht zoals het nu is, voorziet op geen enkele wijze in een fergoeding voor psychische en daaruitvoortvloeiende financiële schade. Zij staan nu volledig met lege handen. Volgens mij is dat niet hoe het moet."
Jimme hawwe dit fraachstik no yn dokumintêrefoarm besocht te beäntwurdzjen. Hoe fûnen de troch jimme portrettearre neibesteanden dat?
Sy stean hjir posityf tsjinoer en binne bliid dat der troch de dokumintêre omtinken is foar harren situaasje. Sy hoopje allegear dat sy mei harren iepenheid wat bydrage kinne oan in better fangnet foar lotgenoaten. Tagelyk is it fansels ek hiel konfrontearjend en binne sy it ek net mei alle ideeën en fyzjes yn de dokumintêre iens. Dat is ek tekenjend foar de beheining fan 'it rjocht' sa as Lindenbergh dit beneamd; de straf of in pûde jild sil it leed nea weromdraaie of fersêftsje kinne. Skeafergoeding of hegere straffen foar feroarsakers binne dan úteinlik ek mar betreklik. It giet om erkenning.
De Fryslan DOK-dokumintêre Teken fan Libben; Sykje nei rjocht wurdt op snein 10 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren útstjoerd op Omrop Fryslân Telefyzje. Fryslân DOK is ek te sjen sneon 9 desimber om 15.30 oere en snein 10 desimber om 13.00 oere op NPO 2.