Makkum krijt takom jier in nije pinautomaat

08 des 2017 - 13:51

De pinautomaat yn it sintrum fan Makkum is yn oktober fuort helle, nei twa mislearre plofkreaken yn Haulerwyk en Bakkefean. Mar der is no in oplossing. "We ha fannemoarn in hartstikke moai oerlis hân mei de Rabobank, gemeente Súdwest-Fryslân, ûndernimmersferiening Makkum en Pleatslik Belang Makkum, wêrby't we alle opsjes besjoen ha en besletten is dat de nije pinautomaat yn de haven yn Makkum komt", seit Martin de Jong fan Pleatslik Belang Makkum.

Kleurrike stielen kubus

It nije plan lit noch efkes op him wachtsje. De pinautomaat komt op grûngebiet fan Wetterskip Fryslân en sy moatte dêr noch akkoart mei gean. De gemeente sil meikoarten mei Wetterskip om tafel. De pinautomaat op de haven kin pas nei 1 april realisearre wurde, want oant dy tiid hat de seedyk te krijen mei in stoarmseizoen wêrtroch't der net op dat grûngebiet boud wurde mei. De pinautomaat sil yn in stielen kubus pleatst wurde. De kubus sil in kleurke krije en bestikkere wurde mei âlde printsjes fan Makkum sadat it past by de omjouwing.

Tydlike oplossing

Neffens Martin de Jong wurdt der oant dat de nije automaat der is, neitocht oer in tydlike oplossing: "We wolle graach dat minsken net allinnich yn de Jumbo, mar ek yn it sintrum pinne kinne. Der wurdt no útsocht oft der in tydlike automaat fan de Rabobank pleatst wurde kin yn fytsewinkel Rinia Fietsen." De AED dy't yn it gebou fan de pinautomaat hinget, sil ferpleatst wurde nei de portyk fan biblioteek tsjinoer de âlde automaat.

(advertinsje)
(advertinsje)