UPDATE: Plysje fynt útnaaide pasjint MCL Ljouwert

Burgernet © Omrop Fryslân
De plysje hat de man fûn dy't fuortrûn wie út sikehûs MCL yn Ljouwert. Der waard freedtemiddei in Burgernetmelding útjûn om him te finen. It gie om in man fan 40 oant 45 jier âld, yn in swart-giel trainingspak en mei in stoppelburdsje. De man waard foar it lêst sjoen yn de buert fan it houten brechje neist it tankstasjon by it sikehûs. It is net bekend wêr't de man úteinlik fûn is.
De man hie neffens de plysje medyske help nedich.