Wurdt guozze-aaisykjen it nije ljipaaisykjen?

08 des 2017 - 12:38

No't it sykjen nei ljipaaien troch strangere regels hieltyd dreger wurdt, moat der yn de takomst mooglik socht wurde nei aaien fan guozzen. Fanút Fûgelwacht Oerterp komt de oprop om it sykjen fan guozze-aaien frij te jaan. It mes snijt dêrby oan twa kanten, sizze se. Fryslân rekket foar in part ôf fan in oerskot oan guozzen en der komt jild frij foar it stypjen fan greidefûgels.

De provinsje wrakselet al skoften mei te folle guozzen yn Fryslân. Provinsjale Steaten ha besletten dat der yn 2018 200.000 guozzen ôfsketten wurde meie yn stee fan 85.000. It is ien fan de maatregels om de skea foar boeren op it lân mei 5 oant 10 prosint werom te bringen.

Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten stelt dat der op it stuit tefolle predatoaren binne en dat de natuer net yn balâns is.

Trefwurden: 
guozzen ljipaaien aaisykjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)