Enkête ûnder Balksters: nijbou of renovaasje yn it doarp

© Jan Dirk de Haan
Nijbou op twa plakken of renovaasje fan besteande foarsjenningen. Dat is de útkomst fan in ûndersyk ûnder de Balksters nei wat der mei it ûnderdak fan sosjaal kulturele foarsjenningen, sport en ûnderwiis yn it doarp barre moat. Fan de 166 minsken dy't befrege waarden, binne 48 foar nijbou fan in bernesintrum by basisskoalle De Bolster en in sportkultuersintrum by it Haskeplein. It senario wêrby't alle foarsjenningen opknapt wurde, krige ien stim minder. Wol is dúdlik wurden dat der foar nijbou op ien plak gjin draachflak is.
Pleatslik Belang Balk Vooruit en de gemeente De Fryske Marren sille de útkomsten fan de enkête besprekke mei de liedingjaanden fan de belutsen ynstânsjes.