Avondrust yn Makkum fiert 250-jierrich bestean

Alde foto's fan Makkum en Makkumers binne fan sneon ôf te sjen yn wensoarchsintrum Avondrust yn Makkum. It sintrum bestiet 250 jier en fiert dat mei in eksposysje oer de skiednis fan Avondrust. It binne bysûndere foto's mei âlde gebouwen en bekende gesichten út it ferline. Njonken de iepening fan de eksposysje kinne bewenners en oare Makkumers ek genietsje fan teäter, muzyk en in optreden fan kabaretier Teake van der Meer.