SWF biedt ekskús oan foar fuortheljen reidkraach yn Koudum

08 des 2017 - 11:17
Foto: Romke Kroondijk

De gemeente Súdwest-Fryslân hat ekskús oanbean oan Romke Kroondijk út Koudum foar it ôfsnijen fan in reidfjildsje by syn hûs. Neffens de gemeente wie der yn it Morra-plan yn Koudum meand nei eardere klachten fan bewenners. De gemeente keas der dêrom foar om alles fuort te heljen. Dêrby dus ek by fersin de reidkraach op it hiem fan Kroondijk.

Dy wie der net bliid mei en luts lulk oan de bel by de gemeente. Súdwest-Fryslân hat tasein dat se dit stik reidkraach tenei bûten it meanprogramma hâlde sille.

(advertinsje)
(advertinsje)