Friese Boys 'betanket' gemeente foar fernielen fuotbalfjild

De fuotballers fan Friese Boys yn Kollumersweach binne min te sprekken oer wurksumheden oan harren trainingsfjild troch de gemeente Kollumerlân. Troch it saneamde slepen op it drekkige fjild is dit noch minder wurden as it al wie. ''Gemeente bedankt. Wie gaat op een drassig veld slepen?'' freget de klup him op harren Facebookside ôf. By it berjocht is in foto te sjen fan it fernielde fjild.
De klup giet der no fanút dat se op koarte termyn in keunstgersfjild krije. Neffens Friese Boys ha oare klups binnen de fúzjegemeente al sa'n keunstgersfjild en kinne sy net achter bliuwe. ''Wij zijn dan verlost van alle ellende.''