Auto rydt troch tún en bedarret yn de sleat yn Nij Beets

08 des 2017 - 09:38
De auto bedarre yn 'e sleat yn Nij Beets - Foto: Srfotografie

Op de Domela Nieuwenhuiswei yn Nij Beets is freedtemoarn in auto fan de dyk rekke. De auto skeat dwers troch in tún en bedarre yn de sleat neist de dyk. De bestjoerder is troch de brânwacht út de auto helle. It is net bekend oft de bestjoerder ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
ûngelok Nij Beets
(Advertinsje)
(Advertinsje)