Fjouwerjierrich kontrakt foar Michel Vlap by SC Hearrenfean

08 des 2017 - 17:00

Michel Vlap bliuwt langer by Sportklup Hearrenfean. De 20-jierrige middenfjilder stiet yn de belangstelling fan meardere klups, mar ûndertekene freedtemiddei in nij fjouwerjierrich kontrakt by Hearrenfean.

Vlap debutearre foarich jier yn de thúswedstriid tsjin Ajax. Dit seizoen begûn er as wikselspiler, mar sûnt in moanne is Vlap in fêste wearde yn de basis. Hy skoarde foarige moanne yn de kompetysjewedstriden tsjin Twente en Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)