Kollum: "Moaie plakjes"

08 des 2017 - 08:26

"Fan 't simmer wie der in hiel moai programma op 'e telefyzje; Verborgen dorpen mei Penelope Keiths. Sy naam ús mei nei ferskate prachtige doarpen yn Ingelân en Skotlân en ik genietsje fan sokke programma's. De sfear, de rêst, yndrukwekkende bylden fan de natuer en wat is Ingelân dochs in ôfwikseljend lân.

Ik ha der al in pear kear west. Fan 't jier in wike yn Glastonburry, it ferline jier in pear dagen yn Skotlân en in pear jier lyn hawwe wy ris omswalke yn súdeast Ingelân. Doe hiene wy in boekje by ús mei de moaiste B&B's fan Ingelân, Skotlân en Wales en sadwaande hawwe wy op prachtige plakjes west.

Bygelyks yn in echte cottage by in aardige Ingelske frou thús. Hiel sfearfol en gastfrij. We hawwe doe ek yn in steatige pleats sliept op in gloaiende heuvel mei in fantastysk útsicht. It wie efkes sykjen en hast tsjuster doe't wy dêr kamen. It is ek altyd ôfwachtsjen wêr't je telâne komme mar ek dit plak wie dik foar elkoar. In gesellige keamer foar de gasten mei in iepen hurd, in ytkeamer mei antike meubels en hiel moai behang.

Ik bin echt immen dy't genietsje kin fan sfearfolle âlde huzen, pleatsen en kastielen. Ik wurd sels waarm fan iepen hurden, skouwen en houtkachels as se net baarne en bin samar oerémis fan moaie plinten, robúste iken treppen, âlderwetske keukens en in plak dat skiednis útstrielet. Jelle hat mear mei it moarnsiten yn Ingelân mar dêr jou ik dan wer neat om. En wêr't ik ek net oan wenne kin, is dat se faak flierbedekking yn 'e badkeamer en wc ha. Dat fyn ik sa goar.

Skotlân is it moaiste gebiet dat ik oant no ta sjoen ha. It is stoer, rûch, wiids, stil en tsjuster. Wy soene dêr efkes in in kuier fan trije kertier troch de bergen en de bosken meitsje mar ik tink dat we in pear rûtepealtsjes mist ha, want úteinlik ha wy trije oeren ûnderweis west. Lokkich wie it prachtich waar en kamen wy nei twa oeren oare minsken tsjin mei in kaart fan it gebiet sadat we wer op 'e goede wei wiene.

Op Netflix hawwe se ek programma's oer lânhuzen en kastielen yn Ingelân en der is ek in searje oer ferburgen huzen fan Wales. It giet oer minsken dy't in âld ferfallen lânhûs kocht ha en har libbenswurk derfan makke ha om dat wer yn 'e âlde gloarje op te bouwen. It hat my ynspirearre om efkes te googeljen en úteinlik fûn ik in hûs yn Skotlân oan 'e kust mei de Highlands op 'e eftergrûn. It is te keap en kinst der sa yn want it is yn perfekte steat mei 45 hektare lân.

Mar soks bliuwt by deidreamen want bin ik net sa aventoerlik om alles efter te litten en op 'e nij te begjinnen. Dêr komt by dat de bern ek net fuort wolle. De earste fraach doe't ik it plak sjen liet, wie: 'Wêr is de kroech?' It leit nochal yn in efterôfhoeke, it sil dêr no ek wol krekt sok tryst waar wêze as hjir en Fryslân is dochs myn thús.

We soene hjir wol in searje ha kinne oer de moaiste doarpen of pleatsen fan Fryslân as oer de ferskate stinzen en states. Der binne noch genôch gebouwen dy't orizjineel of fakkundich restaurearre binne. It smyt grif moaie bylden en ferhalen op oer de skiednis en soks ferbynt dy wer mei it ferline, tradysjes en ús foarâlden. Mar 'De moaiste kroegen fan Fryslân' is miskien wol it bêste idee as it giet om ferbining, sfear en ferhalen. Dat liket my ek wol nijsgjirrich."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)