KNMI jout koade giel foar glêdens troch winterske buien

07 des 2017 - 22:29

Wa't freed de dyk op giet, moat oppasse foar winterske buien. It KNMI tinkt dat der benammen moarns en jûns flinke buien falle kinne, mei tonger, hagel en wiete snie. Dêrom hat it waarynstitút koade giel ôfjûn. Op ferskate plakken kin it aardich glêd wurde. Rykswettersteat advisearret automobilisten dêr rekken mei te hâlden en sa nedich de snelheid oan te passen.

Ek sneon en snein kinne der noch winterske buien falle. Neffens it KNMI nimt ek de kâns op snie ta.

Trefwurden: 
glêdens winter KNMI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)