Nije gidsen socht foar Waadsintrum Ofslútdyk

07 des 2017 - 20:22

It Fryske Gea is drok op syk nei gidsen foar it nije Waadsintrum op de Ofslútdyk. It Waadsintrum moat yn maart takom jier offisjeel iepen gean. Ferwachte wurdt dat der jierliks tusken de santichtûzen en hûnderttûzen besikers komme sille. Om al dy bern en folwoeksenen rûnliede te kinnen, binne der nije gidsen nedich.

It Waadsintrum komt mei in edukatyf skoalprogramma foar bern tusken de tsien en tolve jier. Under begelieding fan in gids kinne sy aanst fan it besikerssintrum út op 'en paad nei de fiskmigraasjerivier. Bern wurde troch de gidsen bypraat oer de fisken yn swiet en sâlt wetter en oer de natuer yn it algemien.

Minsken dy't ynteresse hawwe, kinne har melde by It Fryske Gea. Nei in petear krije sy dan in oplieding, dêrnei kinne se as frijwillige gids oan de slach. Fan maart 2018 ôf moatte de earste rûnliedingen by it Waadsintrum op de Ofslútdyk hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)