Jan Ras (18) tekenet kontrakt by SC Hearrenfean

07 des 2017 - 19:57

Middenfjilder Jan Ras hat tongersdeitemiddei in kontrakt tekene by Sportklup Hearrenfean. De 18-jierrige fuotballer komt út de jeugdoplieding fan de Feansters en tekene in kontrakt oant 2020. Ras spile earder al by Jong SC Hearrenfean en skoarde koartlyn noch yn in oefenduel mei VV Bûtenpost. Sawol de 18-jierrige middenfjilder as technysk manager Gerry Hamstra binne wiis mei it ûndertekenjen fan it kontrakt.

''Ik ben blij dat de club het vertrouwen in mij uitspreekt door middel van dit contract'', seit Jan Ras. ''Mijn doel is om zo snel mogelijk het eerste elftal te halen.'' Technysk manager Gerry Hamstra: ''We zijn blij dat we Jan door middel van een tweeënhalf jarig contract aan ons kunnen verbinden. Het is mooi dat we met Jan weer een jeugdspeler hebben die de vervolgstap maakt naar het seniorenvoetbal.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)