FIDEO: Wurkers yn de drek foar sinnepark by Ljouwert

07 des 2017 - 18:45

In soad automobilisten sille tongersdei fernuvere sjoen ha by it ynrieden fan Ljouwert. By it Hemriksein stiene de hiele dei in man as tsien oant de knibbels ta yn de drek. Dat diene se om't de gemeente Ljouwert hjir in lyts sinnepark oanleit. Der waard beton stoarten en dat soarget derfoar dat de sinnepanielen aanst in stevich fundemint hawwe. Troch it wiete waar fan de ôfrûne tiid smiet dat foar de manlju in behoarlik smoarch wurkplak op. Al foel dat neffens harren sels wol wat ta...

Trefwurden: 
wurkje sinnepark Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)