Kulturele ynstellingen wolle mear tiid en jild fan provinsje

07 des 2017 - 19:01

Kulturele ynstellingen freegje om ekstra tiid en jild fan de provinsje. Se skriuwe dat yn harren manifest 'Tijd voor Cultuur', dat se niiskrekt oanbean hawwe op it provinsjehûs. Dêr is tongersdeitejûn de harksit 'heroriëntatie culturele infrastructuur'. It manifest is ûndertekene troch 55 kulturele ynstellingen, festivals, musea, Kulturele Haadstêd-projekten, amateurkeunst en oare spilers út it Fryske kulturele fjild.

Mear tiid

Se freegje yn it manifest om tiid, se wolle net dat der no al praat wurdt oer besunigingen. Se wolle tiid om de advizen fan de lanlike Raad voor Cultuur goed te ferwurkjen. Fierders wolle se it jier 2018 brûke om in fûnemint te meitsjen foar nij kultureel belied, mei nije ambysjes. Se wolle ynnovearje en gearwurkje om in sterker kultureel klimaat yn Fryslân te kreëarjen.

Ferdieling subsydzjes

De provinsje organisearret tongersdeitejûn de harksit om fan kulturele ynstellingen en oare belanghawwenden te hearren hoe't it subsydzjejild yn de takomst ferdield wurdt. It betsjut yn de kommende fjouwer jier noch gjin besuniging, mar mooglik dat jild op in oare manier ferdield wurdt. In soad ynstellingen binne dochs benaud dat dat ta koste fan har gean sil.

Trefwurden: 
kultuer manifest Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)