Martinair nimt ôfskied

It ferkearsfleantúch dêr't de loftfeartmaatskippij Martinair ôfskied mei nimt fan Nederlân is moandei oer Ljouwert en Fryslân flein. Oan board binne Martinair-oprjochter Martin Schröder en noege gasten. It tastel wurdt beselskippe fan in strieljager.
Martinair hâldt nei 53 jier op mei alle passazjiersferfier en giet folslein fierder mei cargoferfier. Tusken ien en trije oere wurdt in tocht oer hiel Nederlân makke.