Oerfal betocht mei miny-tentoanstelling yn sel Blokhúspoarte

07 des 2017 - 18:05

De oerfal op finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert is freed presys 73 jier lyn. Dêrom is ien fan de sellen permanint ynrjochte mei ynformaasje oer dizze oerfal en de befrijingsaksje. Ek wurdt der in plakette ûntbleate.

Op 8 desimber 1944 die it ferset in oerfal op de finzenis dêr't in soad fersetsminsken troch de Dútsers opsluten wiene. Troch in saneamde knokploech waarden 51 fersetsstriders befrijd. It wie ien fan de meast spektakulêre finzenisútbraken ea yn Nederlân. Der waard net in skot lost.

Gerrit Fokkema is de lêste oerlibjende fan dizze oerfal. Hy siet mei syn jongere broer en syn heit yn de sel. En de sel dêr't hy yn siet, is no ynrjochte as miny-tentoanstellingsromte. Fokkema jout noch altyd rûnliedingen, mar is 94 jier en wit net hoe lang hy dat noch dwaan kin. Hy is wiis mei de ynrjochting fan de sel. Dan bliuwt it ferhaal libjen ek al kin hy it net mear fertelle, sa seit Fokkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)